Minister Plasterk hat ôfskie nommen fan de leden fan it Konsultatyf Orgaan Frysk wêrfan Gina Kam

It Konsultatyf Orgaan Frysk bestiet net mear no’t de Fryske taalwet per 1 jannewaris 2014 yngongen is. Dat betsjut foar Gina Kamsma dat sy net langer foarsitter is fan dat ryksadvysorgaan. Troch har lidmaatskip fan dat lanlike advysorgaan hat Gina in soad kennis en ûnderfining opdien fan de juridyske posysje fan de Fryske taal. No is sy frij om dy wittenskip te brûken as advokaat by Rotshuizen Geense Advocaten.

 

Mei de Fryske taalwet is de juridyske posysje fan it Frysk en de Frysktaligen yn ien Nederlânske wet regele, wylst eartiids oan ‘e oarder wie dat de rjochten fan Frysktaligen en de plichten fan benammen de oerheid regele wie yn ferskate regeljouwing, basearre op Europeeske ferdragen. Sa is no dúdlik fêstlein dat ien, dy’t by de rjochtbank prosedearret skriftlik en mûnling it Frysk brûke kin, wannear’t dy persoan wennet yn Fryslân en de rjochtsaak spilet by de rjochtbank yn Noard-Nederlân. Ek alle oerheden dy’t in kantoar hawwe yn Fryslân moatte ynwenners fan Fryslân de gelegenheid jaan om mei dy oerheid yn it Frysk te kommunisjearjen. Underweis is regeljouwing oer it Frysk yn it ûnderwiis. It brûken fan it Frysk yn ‘e media is fêstlein yn in oerienkomst tusken it ryk, fertsjintwurdige troch minister Plasterk en de Provinsje Fryslân. Benammen yn it gefal fan in weryndieling fan Fryske gemeenten is it nijsgjirrich om yn in konkreet gefal út te sykjen wat krekt de konsekwinsjes binne fan de regeljouwing foar it brûken fan de Fryske taal. Dat alles yn it ramt dat de Fryske taal lykweardich is oan de Nederlânske taal, dat ôfsetten tsjin de posysje fan bygelyks de Ingelske taal. Hjir kinne jo in foto sjen fan hoe’t it eardere Konsultatyf Orgaan Frysk troch minister Plasterk betanke is foar wat it orgaan yn it belang fan Nederlân dien hat foar de Fryske taal. Wolle jo mear ynformaasje, dan kinne jo skilje of maile mei Gina Kamsma: 058-2122444 of kamsma@rgadvocaten.nl

 

Meer nieuws Nieuwsbrief

Actueel

  • Digitale error komt voor risico van de advocaat
    Lees meer
  • Wro of Omgevingswet bij een gewijzigd bestemmingsplan?
    Lees meer
  • Wetsvoorstel Modernisering Concurrentiebeding, doorgeschoten regeling?
    Lees meer

Meer nieuws Nieuwsbrief

Advocaten en juristen

Wim Bulthuis

Advocaat

Ivo van der Meer

Advocaat

Cynthia Grondsma

Advocaat

Dirk-Jan Westra

Advocaat

José Kemper

Advocaat

Willemijn Kuper

Advocaat

Lisa Blankestijn

Advocaat

Ayla Bosma

Advocaat

Femke de Jong

Advocaat

Aimée Tjalma

Advocaat

Gido Kalfsbeek

Juridisch medewerker

Alle advocaten en juristen

Deze website gebruikt cookies Ok